Cornelis van der Wal

Explore The North: Gjin wurd Frysk

Oan de iene kant fyn ik it wol spitich dat ik net meidoch oan Explore The North. Ik stean graach op it poadium mei myn gedichten, en meitsje graach wat kontakt mei it publyk, dat altyd wer krekt in bytsje oars is. Lykwols, ik haw it al earder skreaun, mar faaks hawwe jo it mist: ik bin tige kritysk oer hoe’t it projekt Fryslân 2018 opsetten is en ik haw ôfsizze moatten om’t Explore The North tige sterk ferbûn is mei Fryslân 2018. Lykwols, ik feroardielje de lju dy’t àl meidogge fansels net. Ek al sitte dêr nuvere sjappy’s tusken.

Mar no ris wat oars. Wat is eins it plak fan de Fryske taal yn dit barren? Hie it net in aardich idee west en meitsje de side twatalich, of set der alteast in pear Fryske artikels op? Neat gjin Frysk te finen dus, sels net by de saneamde Literêre Reis. In lytsachting alsa foar it Frysk, sa walmet it jin temjitte.

Wat dat oanbelanget bin ik no àl bliid dat ik net meidoch.

Haw nammers ôfrûne nacht foar it earst yn in hiel skoft wer ris in gedicht skreaun. Ik wol. Ja, yn it Frysk. Al moat ik der bysizze, dat ik no ek mei oersetting yn it Hollânsk dwaande bin. Mar goed, yn Hollân, dêr prate se Hollânsk, dêr kinne dy minsken ek neat oan dwaan. Explore the Dutch, soksawat. Is dus foar de Hollânske merk.

Mar Explore The North wurdt yn Fryslân hâlden, en dan soe in bytsje respekt en oandacht foar ús taal net sa’n ferkeard idee wêze.

Jûn sop fan de Aldi mei stokbôle. En nee, gjin wyn derby. Ik doch it hiel rêstich oan.


Posted

yn

troch

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.