Seminar op redens

It sil jo net ferbaze: Knilles hat wer wat te seuren. Mar it tafal wol, dat ik gelyk haw. Fyn ik sels.

Meikoarten komt der wer in rige lêzingen yn de rige Sirkwy Seminar. Diskear mei organisearre troch ensafh, dat de kwaliteit is garandearre. Ferline jier hiene wy noch it debakel fan Hylke T., dy’t nei syn eh… eigenaardige lêzing oer de Moderne Fryske Poëzij troch in soad kenners en pommeranten op ‘e fingers tikke is, en no net mear oan de bak komt.

Ik haw hjir al in folder oer de kommende lêzingen. Twa dêrfan wurde hâlden troch redaksjeleden fan ensafh. Dêr sit no ienkear it swiertepunt fan de Fryske literêre elite.

 

Nijsgjirrich genôch, soe’k sizze.

Mar, ik wie dus wer ris lilk foar de feroaring? In bytsje, ja. Want wêrom yn ‘e goedichheid no wer sa’n folkloristyske namme oan dizze rige lêzingen jûn? Literêre 4-Stêdetocht.  Wat hawwe dizze lêzingen mei in ferneamde tocht op redens te krijen? En sûnt wannear binne Drachten en It Hearrenfean stêden? Betink dochs ris wat oars! Sil ik it noch ris meimeitsje dat de Fryske Literatuer serieus nommen wurdt?

Rys mei griente en broadsje bapao iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of