Hub fan pasta

Jawis, it is wat switterich hjir op myn grutte souder yn it âlde sintrum fan De Hoofdstad, mar ik haw hjir in aircooler foar my oan it wurk, dat ik oerlibje it wol.

Kyk es an, der is in nije eh… Hub oan it Frysk-digitale firmanent ferskynd: Redbot. Aardich betocht, dy namme, hear. It oertsjûget my allegear noch net alhiel.

It projekt Lân fan Taal liket my wol nijsgjirrich. Ik bin benijd hokker boeken keazen wurde sille, dy’t neffens de ‘gelearden’ by de top tûzen fan de Fryske literatuer hearre. Ik sitearje efkes:

It projekt Lân fan Taal soarget derfoar dat de toptitels út de Frysktalige literatuer digitalisearre wurde en de kommende jierren as e-boek beskikber komme. Dan giet it om sa’n tûzen titels, in seleksje fan de belangrykste en meast populêre literatuer. De hiele Frysktalige literatuer beslacht sa’n 15.000 titels.

Soe Knilles ek diskear wer boycott wurde? En wat lju meitsje de kar? Is it allegear wer proaza en falt de poëzij wer bûten de boat? En:

De oare 14.000 titels komme net as e-boek, mar wol as PDF beskikber. In útsochte kâns foar de twadde rykstaal fan Nederlân om noch mear publyk te berikken.

Ik nim oan dat dêr wol earst tastimming foar frege wurdt, en dat dêr in fergoeding tsjinoer stiet. De tiid fan alles om ‘e nocht, want it is ommers mar Frysk, is wat my oanbelanget oer.

Der mei noch wol efkes nei it Frysk op ‘e side sjoen wurde: (efkes oanklikke)

Selection_098

Jûn tink pasta ite.

 

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of