In pittige diskusje op Facebook oer it besprek yn it FD dat resinsint Abe de Vries skreau oer ‘Raffelwjok’ fan Syds Wiersma. Wiersma is net sa wiis mei dit besprek. Hjirûnder in sken fan it kranteartikel. Efkes op klikke.
Ik haw it folgjende op Facebook setten:
Cornelis van der Wal Typysk Abe, hy blêdet wat yn in bondel om, en in healoerke letter hat er syn besprek al wer klear. Mar syn oardiel stie ommers al fêst. Oer de rêch fan de dichter fjochtet er syn fete mei de útjouwer út. Ommers, Utjouwerij Hispel jout ek Literêr Tydskrift Ensafh út, en dat blêd hat in jiermannich lyn in stikmannich fersen fan Abe ôfkard. Sûnt kin neat wat fan Hispel of ensafh komt genede fine yn Abe syn eagen. Ik haw grutte twifels oer Abe de Vries syn yntegriteit as besprekker.
No sa.
Wy hawwe bamy iten.
Post a Comment