Strauss en Bruckner

Klassyk konsert, it NNO mei de Vier letzte Lieder fan Richard Strauss en de 8e symfony fan Bruckner. Strauss wie hiel moai en subtyl, Bruckner waard wat lomp behannele.

Yn it skoft prate ik efkes mei in wat âldere frou. Sy miende dat Hermann Hesse (tekstdichter fan ien fan de Lieder) ferkeard west hie yn de oarloch. Ik koe har oertsjûgje dat se wierskynlik Rudolf Hess bedoelde…

Ek Fryske celebreties sjoen, en net allinnich yn de spegel fan it húske… Jelma Knol, Frits van der Kuip en Willem Visser. Mar no haw ik wol de Ronde van Vlaanderen mist…

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=jOxFJbTL9V0&feature=fvst[/youtube]

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=LVTemkkT0UI[/youtube]

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *