Dit is ynternet

Ferûntrêstend nijs fan it Skriuwersboun: de Provinsje blykt de útjeftesubsydzje ferlege te hawwen. Dat soe op de side fan de Provinsje stean. It Boun jout net efkes in link (dit is ynternet, minsken) en ik haw gjin nocht it op te sykjen. Wy wachtsje it ôf. Mar it liket my it bêste om mar fêst Nederlânsk te studearjen, want Kristus Pavlov sil faaks myn lêste Frysktalige dichtbondel wêze, as it oan ús bestjoerders leit.

Oer it Boun sprutsen: wannear wurdt der ris wat oan dy suterige side dien? Dat liket ommers nearne nei. En dan in hotmailadres as offisjeel oanskriuwpunt… It komt net bepaald professjoneel oer… Nee nee, ik haw der gjin tiid foar… En de bestjoerders fine it wol bêst sa…

Haw rys mei beantsjes, pindasaus en stikjes hin iten. Jim net.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments