Pieter en Abe

No sa, al wer wat akklimatisearre hjir yn Snits. Aanst op ‘e fyts rjochting Ljouwert, foar Memmedei. Ik hoopje dat de sinne der wat trochkomme wol. Radiootsje mei, net allinnich foar de muzyk, mar ek om Cambuur versus Go Ahead te folgjen. En de Giro fansels. Pieter Weening is wol yn foarm, en hoecht him no ek net op te offerjen foar in kopman. Bin benijd.

Heden heden, alwer in blogger dy’t it opjout. Dat waard hjir earder al sinjalearre. Der sille grif goede redenen foar wêze, mar om no yn ienkear alles fuort te heljen… Is dat faaks typysk Frysk? Sa radikaal der mei op te hâlden? Ik haw it dus oer de twa weblochkes fan Abe de Vries… Der sit nammers noch hiel wat yn it argyf fan de Google-reader, mar dêr sitearje ik mar net út. Wol kinne jo noch in skermôfdruk fan De Vries syn webloch op myn eigen side oanklikke. Bewarje him mar goed, soe’k sizze. KlikKlik. De foto’s fan Abe steane der aldergeloks noch wol op, hjirre.

Wit net wat de pot skaft yn Ljouwert fannejûn! Hooplik fan ‘e Sinees.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *