Tag Archives: Cambuur

Knilles by Cambuur

It wie yn it skoft, fandêr dy lege stuoltsjes. Wy hymje de boerkes fan it Fean wer yn ‘e nekke!  

Hahahaha!

Narje de mihûn

Folgje jim de diskusje op It Nijs ek? Oer Cambuur fansels. No bin ik dêr in bytsje oan it narjen, lês sels mar. Ik haw wol earder oer Cambuur skreaun. Hjir. Dit haw ik op Twitter setten: #lodeweges #cambuur De man hat net realisearre wat de effekten wiene fan syn foute oerstap nei it boeredoarpke. […]

Wichtich Literêr Nijs

No sa, dêr wie ik al wer. Wiene jim ûngerêst? Koene jim net sliepe om’t ik juster gjin blochke skreau? Moai sa. Lit ik yn it foar ferklearje dat wat ik hjirnei skriuw de wierheid is, alteast, ik werhelje wat ik juster heard haw. Want jim witte, ik wol wolris fabulearje. Diskear dus net. Ik […]

Pieter en Abe

No sa, al wer wat akklimatisearre hjir yn Snits. Aanst op ‘e fyts rjochting Ljouwert, foar Memmedei. Ik hoopje dat de sinne der wat trochkomme wol. Radiootsje mei, net allinnich foar de muzyk, mar ek om Cambuur versus Go Ahead te folgjen. En de Giro fansels. Pieter Weening is wol yn foarm, en hoecht him […]