Literêre Fytstocht 2010 (04)

Lekker fytswaar hjoed hie’k tocht, sa’n 30 km fytst, is de rûzing. Haw ris goed oer allerhanne saken neitocht, ek oer de oardering fan de fersen yn myn nij te ferskinen bondel. Dy is noch net klear, mar der komt alle nachten wat nijs by. Ein dit jier sil it heve, Deo Volente. Noch gjin titel, dat doch ik altyd as lêste.

Hie û.o. de 6e fan Mahler mei op ‘e earen, dy haw ik yn it ferline wol stikken draaid, mei’k wol sizze. In demaonysk wurk, harkje sels mar.

Ik bedarre ek noch efkes yn Heech, dêr’t Heechspanning op de strjitten stie. Ik wie oars net sa bot ûnder de yndruk fan de ferskate strjitte-artysten. En it wie fierstente drok, dat mar gau wer fuort…

En, sa freegje jo jo ôf: hoe sit dat mei dat literêre aspekt fan dizze fytstocht? No, en jim moatte my leauwe, want it is wier: efkes foar de Gaastmar waard ik ynhelle troch in auto, dêryn siet de dichteresse Gryt Witbraad mei har man. Dêr haw ik noch in skoftke mei praat. It wurdt tyd foar in nije bondel Gryt!

Waarmje jûn rys mei tahû, griente en pindasaus op.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments