Kulturele Haadstêd toant har wiere gesicht: anty Frysk

Hiene jo dit al lêzen?

‘De angst voor het vreemde en zelfs het benepene is nog niet uit Friesland en Leeuwarden verdwenen, zo viel uit het betoog van de cultuurdiva op te tekenen. Ook het lompe kwam aan bod in de vorm van Friezen die weigeren Nederlands te spreken in gezelschap van niet-Friezen. Waarom doen ze dat toch?, vroeg Wester zich af.’

Lês fierder by Liwwadders. Optekene út ‘e mûle fan Rudi Wester. Frou Wester wol dus hawwe dat wy ‘benepen en lomp’ binne wannear’t wy Frysk prate. Frou Wester wie en is noch belutsen by de organisaasje fan de Kulturele Haadstêd 2018.

No witte wy hoe’t by KH18 oer it Frysk tocht wurdt, mar wy wisten it ommers al, want ús taal komt alhiel net yn byld by de organisaasje. It komt der op del, dat alteast in part fan de organisaasje, in fijannige hâlding oannimt wat it Frysk oanbelanget.

Patat swarma iten by de snekber op it Fliet

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *