Tag Archives: swarma

Marcel Plaatsman oer ‘Kening Kees’

No, sjoch ris oan: moaie wurden fan Marcel Plaatsman oer myn novelle Kening Kees. It boek dat boycott wurdt troch Tresoar-minsken en oare *kuch* gelearden. ‘Toen je op Twitter aankondigde Friese literatuur te willen lezen ried ik je “Kening Kees” aan, van Cornelis van der Wal, een typisch voorbeeld van zo’n boek waarin allerlei mensen […]

De nije X-files

Fansels wie ik ek benijd nei de nije X-Files, en it foel net ôf. Ik haw fannacht de earste fjouwer ôfleveringen sjoen. De tredde wie wat flau, mar fierders fûn ik de kwaliteit bêst genôch. Allinnich klinkt Fox Mulder syn lûd wat nuver, hy praat oft dat er tige wurch is. No ja, faaks komt […]

Dichter fan swarma

No, myn blochke fan 29-08-2015 hat de PVDA Fryslân blykber op in idee brocht. Dat, as tank soe ik eins daliks as earste Dichter fan Fryslan beneamd wurde moatte. Lykwols, it is mar in skiterich bedrach dat dêr mei anneks is, 2500 euro. Earst ris sjen wat de betingsten binne, en dan sil ik beslute […]

Kulturele Haadstêd toant har wiere gesicht: anty Frysk

Hiene jo dit al lêzen? ‘De angst voor het vreemde en zelfs het benepene is nog niet uit Friesland en Leeuwarden verdwenen, zo viel uit het betoog van de cultuurdiva op te tekenen. Ook het lompe kwam aan bod in de vorm van Friezen die weigeren Nederlands te spreken in gezelschap van niet-Friezen. Waarom doen […]

Dossier de Contrabas online

Dossier de Contrabas, makke troch Bart FM Droog, stiet online. ‘De ontwikkelingen rond weblog en uitgeverij De Contrabas, 2005-2014.’ Der is ek in ôfdieling oer de ‘Fryske’ útjeften fan de Contrabas en ûnder oaren de gearwurking mei HotSum. Jûn makaroany mei swarma en griente. Ies lekker.

Hotsum: where art thou?

Om mar wer ris in tear en sear punt oan te reitsjen en mar wer ris op in oantal al as net krûme teannen te stean: wer bliuwe dy útjeften fan HotSum eins? Mei ik dat freegje? Ja, dat mei ik freegje. It like sa moai: in nije útjouwerij foar Fryske poëzij en essays, mar […]

Hillich orgasme

No, it is my wat. De *kuch* grutte skriuwer Dan Brown wurdt ynhelle as wie it in hillige. En och ja, it is wer safier: ien komplimintsje oer it Frysk en sels Gysbert Japikswinners krije in spontaan orgasme. Sil dochs wat mei minderweardichheidsgefoelens te krijen hawwe. Mar wie it jo ek al opfallen? Dat de […]

Swarma Hamburger

Juster in kaartsje kocht foar de Tannhäuser yn Oktober te Hamburch… Haw der no al in soad nocht oan! De opera wurdt dizze wiken ek yn Bayreuth útfierd, it Mekka fan de Wagnerianen. Opnamen dêrfan haw ik al binnen, tige moai fan lûd, mar betiden wat te hastich is myn idee. No ja. Wer wat […]

Legimitatie mei slaad

In oerke lyn nei it stimburo west, yndied, om te stimmen. Stimburo nûmer 1, yn it Gemeentehûs fan Snits. Dat is wer ris wat oars as yn in rudich âld skoaltsje of tsjerkje, in lokaasje op stân, mei’k wol sizze. En wat hat it mantsje stimd? It is gjin geheim: op Jan de Wit fan […]