Ekspedysje

Jawis, de kranten hawwe der oer skreaun, Ekspedysje Laaksum, dêr’t ûnder oaren jo eigen Knilles oan meidie.

Frijwat flakke stikjes binne it wurden, Abe de Vries neamt yn it FD bygelyks in pear nammen op, en wêr’t de minsken dy’t by dy nammen hearre foarliezen of muzyk makken.  Dat moat dan in reportaazje foarstelle. Hy is aldergeloks al wat kritysk op Atte Jongstra, en yndied, dat is ek allinnich mar flau gerop en geraas, sûnder ynhâld.

En dat moat it kadoboek fan it oare jier skriuwe.

Om mysels mar efkes in fear yn de -au- dinges te stekken: ik krige hiel loovjende reaksjes op myn foardracht, yn de moaie theatertún te Riis. De kontrakten streame binnen, sa’t jo begripe.

Ik fûn it oer it generaal in moai gehiel, mei al wat swakkere mominten, lykas it frijbliuwende gepingel en gefluit fan Sytse Pruiksma. Yndied, dat kin ik sels ek wol. Jo smite mar wat yn de loop en klear is Kees.

It wie mei trije bussen fol sawat útferkocht.

The Black Atlantic fûn ik hiel goed, ek hiel aardige jonges. Bert Looper prate de ûnderdielen op kundige en fermaaklike wize oan inoar.

Dus.

Sil bamy fan Tresoar opwaarmje.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of