Warskôging foar de Contrabas

Bêste lêzers en belutsenen.

Meikoarten is der in boekpresintaasje yn it Heerenlogement te Harns. In essaybondel en in fersebondel sjogge dêr it ljocht. Moai no, soene jo sizze, Fryske boeken!, wie it net sa dat de útjouwer yn kwestje de Contrabas is, yn gearwurking mei de Fryske útjouwerij HotSum.  Chrétien Breukers, de man efter de Contrabas, hat okkerlêsten dien krigen as ‘Gildemeester’ (stedsdichter) fan Utert. De man gie wat kréatyf mei syn boekhâlding om.

Mar dat is net alles: De Contrabas hat gjin distribúsjekanalen mear. Om’t gjinien printer mear mei Breukers gearwurkje wol, om’t er syn rekkens net betellet. Sawol de gemeente Utert, de Belestingtsjinst en de Keamer van Keaphannel witte net wêr’t it ‘bedriuw’ festige is.

Ik sitearje út in petear mei Bart FM Droog:

‘Breukers / de Contrabas had vanaf 2009 … geen van de twintig door mij gesproken dichters ooit inzage in de verkoopcijfers gegeven of royalty’s uitbetaald.

Breukers kwam in toenemende mate allerhande afspraken met zijn dichters niet na. Als er problemen waren hield hij zich onbereikbaar. Of hij vertelde ze dat intussen alles geregeld was, dat hij ‘nog vandaag’ contracten en/of boekbestellingen op de post zou doen – die vervolgens niet arriveerden.

En dat was misschien nog wel het meest verontrustende: hij hield de dichters stil middels intimidatie. Wie van plan was een boekje over te doen over zijn curieuze manier van handelen werd geconfronteerd met een scala aan directe of indirecte bedreigingen: aangifte wegens laster, het aanspannen van een rechtszaak wegens smaad, het vernietigen van de boekvoorraad, het schrijven van nare stukjes over iemand, et cetera.’

Insiders binne der fan oertsjûge dat de Contrabas earder hjoed as moarn fallyt gean sil.

Ik mail jim dit allegear om jim te warskôgjen. Faaks kinne jim de boeken noch weromlûke. Ik persoanlik fyn it ek hiel nuver dat Tresoar mei Breukers yn see gien is.

Mei heechachting: Cornelis van der Wal




Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.