Theologyske magneten

Dat wie in moaie middei/jûn earjuster! Yn it ramt fan de presintaasje fan twa nije Afûkboeken, de Triennen fan Cheetah en Frou mei mandoline op sofa fan resp. Anne Feddema en Josse de Haan wiene wy te gast by in Moannejûn. Yn it hol fan de liuw fansels, as ensafh-man yn ieren en sinen. Mar it foel ta allegearre.

10671333_764494770258824_6267863261958593_n

Ik haw noch wat foarlêzen, Elske Kampen en Auck Peanstra diene dat ek. En de mannen fan de nije boeken droegen ek foar út harren wurk.

1425578_764494830258818_8038468635296271256_n

Nijsgjirrich wie it om fan Josse te hearren dat myn debútbondel ‘In nêst jonge magneten‘ it mar krekt helle by de lêskommisje fan de Koperative Utjowerij begjin 90-er jierren foarige ieu. Dat wist ik net. Ik hie wolris heard dat in Roomske Theolooch myn gedichten ‘dronkemansgeëamel’ neamd hie. Letter op ‘e jûn hearde ik fan Jitske K. dat it Friesch Dagblad der eins gjin resinsje oan wije wold hie. It gie de finen te fier, dy poëzij fan my. Op it lêst hat Rients de Boer der wat oer skreaun, tige negatyf fansels. Dat wie ek daliks de ein fan De Boer syn karjêre as besprekker.

Twa jier letter krige ik foar ‘In nêst jonge magneten’ de Fedde Schurerpriis.

De foto’s komme fan de facebookside fan De Moanne.

Wy hawwe goed iten letter, dik ynoarder.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of