Ah, dêr wie er al, it hat in skoftke duorre: De illuminations fan Rimbaud yn de nagelnije oersetting fan de Amearikaan John Ashbery. Bin hiel benijd, de earste yndruk is tige posityf. En it boek rûkt ek lekker. Mei Ashbery syn eigen poëzij kin ik noch net in soad begjinne, mar faaks komt dat noch. It soe oars ek ris in idee wêze: Rimbaud yn it Frysk. Dêr hawwe guon al mei dwaande west. Ik weagje my der mar net oan foarearst. Myn Frânsk is frij beroerd.
[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=2_SnXaIMKGo[/youtube]
Oer poëzij sprutsen: meikoarten stiet myn lêste besprek yn it Friesch Dagblad. Ik bin te drok mei oare literêre saken, dat ik moast it resinsearjen ôfstjitte. Der is al in opfolger fûn, mar dy moat it nijs sels mar melde op syn (of har) eigen webloch! Of is it noch geheim?
Jûn in ôfpriisde salade as miel.
Post a Comment