“Mar sa’n Loeks fynt dat in grut feest wurdich, want de man, dêr komt it op del, hatet de Fryske taal. Dat lykwols in, miende ik altyd, Frysksinnich man as Bartle Muller efter sa’n fint oanrint, kin ik mei myn ferstân net by. Oan de oare kant, trochtinkend, alles falt no op syn plak, want is Muller – en syn foargonger, de gefreesde frou Steenburg fansels ek – ommers eins net ferantwurdlik foar in nije delgong fan it skreaune Frysk, mei’t er in folslein Frysktalich tydskrift, mei in 4000 abo’s, jawis, ik bedoel fansels Fris & Fleurich, de nekke omdraaid hat? It ophâlden mei subsidiearjen fan F & F kin ik ek net oars sjen as in genipige foarm fan sensuer, it blêd hie nammentlik wolris skerpe krityk op de Fryske bestjoerders. As jo it goed besjogge, dan binne krekt dizze deputearren de grutste fijannen fan in Frysk Fryslân. Se passe alhiel yn it Albrecht-Loeks-patroan. Wolven, ferklaaid as yn it Frysk bekjeflaaiende skiep. Fuort mei dy man! Muller mut fut! Fuort mei de ferrieders!”
In sitaat út myn Kening Kees, noch altyd te keap. Mar dêr giet it no efkes net om. (No ja…). Mar lês foar de *aardichheid* ris op it blog fan Abe de Vries. De trend wurdt gewoan fuortsetten. De provinsje Fryslân is de (skreaune, literêre) Fryske taal oan it fermoardzjen. En docht soks doelbewust, mei opset sin. Krektlyk as dy BoekeBol figueren.
En it Fryske Boek giet ek al yn it Hollânsk oer!
IT MOAT OARS MINSKEN!
Brune beanesop
Trackbacks & Pingbacks 1
[…] dit stie op myn eigen lochke: […]
Post a Comment