Hoi jonges en famkes, ik bin wat griperich, dêrom net sa aktyf hjirre. Komt hielendal goed.
Ik woe jim nochris wize op de persoan Chr. B, dy’t ik yn it ferline as freon beskôge. Lykwols, sûnt er gjin stânpunt ynnimme woe wat de email-affêre fan Abe de V. oanbelange, binne de ferhâldingen minder wurden. En nei’t ik lies hoe’t er de dichters út syn syn fûns behannelet is it Schluss. En soks docht altyd sear.
Op it alderaardichste ensafh.nl stelt Edwin de Groot in fraach oan Abe de V. oer HotSum en sa. Benijd oft De V. hjir noch op reagearje sil.
Ik tink fan net, hy doart net, Abe de V. is deadsbenaud foar Chr. B.
Tresoar swijt ek noch altyd nei’t bekend wurden is dat de subsydzje foar in útjefte dêr’t se oan meiwurke hawwe ynlutsen is. Tresoar hat, krektlyk as Abe de V., saken dien mei in krimineel.
Hjir klikke dus, foar in oersjoch fan wat Chr. B. allegear útheeft hat.
Jûn patat en sneks.
Post a Comment