Aardich dat de Moanne ek wat aktiver op ynternet wurdt, no noch wat better om de kwaliteit tinke wat de digitale ynstoerings oanbelanget! Guon minsken kinne better ûnder kuratele steld wurde, is’t net sa? Soene se de konkurrinsje mei ensafh oanwolle? Kânsleas!
Oer de Moanne sprutsen, ik krige de papieren ferzje hjoed wer yn de bus. Hie ik nei de foarige, kwalitatyf net ferkearde ôflevering wer wat hope krigen, dan is dat daliks al oer by it iepenslaan fan it tydskrift. Jo skrikke jo dochs in ûngelok: wat in freeslik opdringerige propaganda foar dat jildferslynjende Fryslân 2018! Is dat wat ús de kommende jierren te wachtsjen stiet? It wurdt jo troch de strôt treaun, dat megalomane feest. Wat kostet dat allegear net! Mei ik Jannewietske nochris har taspraak by de lêste Gysbert-útrikking yn it sin bringe? De literêre prizen soene ferhege wurde… Neat mear fan heard. En jild is der dus wol, mar dat giet allegear nei propaganda en harsensspieling. Krektsalang oant dat wy oan it idee wend binne, murw slein binne. Wêr docht my dat allegear oan tinken…
Och ja, der steane ek wol goeie stikken yn dit nije nûmer. Lju as Feddema, Schoorstra en (Hidde) Boersma kinne by my gjin kwea dwaan. Mar wat yn ‘e goedichheid hawwe se mei de poëzij úthelle? Hiel eigenaardich, it stiet allegear trochinoar. Samar op de side smiten, liket it wol. Ik bedoel… jo krije earst in gedicht fan Edwin de Groot, dan fan twa oare dichters en dan wer ien fan De Groot. En sa giet it fierder. Wa betinkt soks?
Ik waarmje jûn stampot boerekoal op, yn de oven mei raspte tsiis deroer. Speklapke bakke.
Post a Comment