Cornelis van der Wal

Tag: hamburger

  • Dagen fan de Fryske hamburger

    Ja, dat wie my wat, dy Dagen van de Friese Literatuur  yn Amsterdam, dêr’t allinnich mar Friezen op ôf kamen. Fjouwer kear soe it heve, dêrnei binne se der mei stoppe, it wie in grutte mislearring. De Hollanners hiene der alhiel gjin ynteresse foar. Yn 2008 skreau ik der al oer, sa seach ik niiskrekt.…

  • Bakt kassafamke

    Hjoed foar it earst dit jier wer ris in aardich ein fytst. De kop hat al wat kleur krige fan de maartsinne. Ik haw myn okkerdeis oanskafte DAB-radiootsje ek efkes goed útteste kind, en it wurket as in tierelier. Gjin steuringen mear, en in glêshelder lûd. Yn Gytsjerk wat boadskipkes dien yn de lokale AH.…

  • Sunich Sirkwy

    Nee, in grutte ramp is it net hear, mar wurdt de side fan Sirkwy faaks net mear byhâlden? Jo soene it hast tinke. Of is de webmaster fuortbesunige? Al wat skande dat ik sels ek in flaterke makke: ‘moar’ moat ‘moat’ wêze. Mar ik kin it dêr net ferbetterje. Folgje jo it noch? Bakte rjappels…

  • It Nijs.nl: efkes laitsje om in fleantúchramp + updeet

    Nee, ik lit it plaatsje hjir net sjen, mar ik haw it fansels al opslein. Wêr giet it om? By it Nijs.nl fine se dat wol grappich, sa’n fleantúchramp. Hjir is de link. Om te spuien. Updeet Foar it gefal It Nijs it plaatsje fuorthellet: ik haw it hjir delsetten. Ik fyn it wichtich om…

  • Aai mei tomaat

    Ut tige betroubere boarne hearde ik dat de moasjes fan it Skriuwersboun (sjoch juster) net yn stimming brocht binne, der is allinnich meidield dat de oprop fan it Boun ûntfongen is en dat se it trochstjoerd hawwe. Faaks hellet dat krantestik wat út. Foar de goede oarder: ik stean yn dit stik fan saken hielendal…

  • Waka mei soere biten

    Juster nei Ljouwert ta fytst, en letter ek wer werom… Ik haw in Geheim Petear hân, mei in Dichter (û.o). Wat stie der allegear op de mp3 spiler? Yn elts gefal tefolle om it allegear te beharkjen. dêrfoar is Ljouwert net fier genôch. Wat my bot ôffoel wie Oasis, troch de tiid ynhelle, mei’k wol…