Tag Archives: raukost

Stikje gedicht

Heden. Google Streetview is fernijd. Dit is Dinie har winkel en achter de boppeste rútsjes hat Knilles syn wurkromte… In grutte souder. Justernacht in gedicht kwytrekke omdat de autosave fan in Android programme net wurke. Sil aansens sjen oft ik it wer rekonstruearje kin… Wy hawwe bakte rjappels mei stikje fleis en raukost iten.

Murdhounlûmpia

No, sa’t it no liket hawwe Elmar Kuiper en myn persoan in boekpresintaasje yn doarpshûs De Murdhoun yn Húns, ein april. Elmar presintearret dan syn nije dichtbondel Granytglimkes en ik dus Kristus Pavlov. Wy wolle der ek wat eigenmakke muzyk by útfiere, en dêr bin ik no mei dwaande. In skoft lyn dat ik oan […]

Drok en loai

Bytsje drok hjoed en no wat loai… Dat ik ferwiis efkes nei in aardige diskusje dêr’t ik ek by belutsen bin! Hjirre, op de Contrabas. Ha rjappels bakt & hin & raukost

De Nije Moanne: net yn ‘e Bus, al op it Net!

Of is er by jo al op it kokosmatsje fallen? Hjir yn Snits noch net, alteast. Mar dat kin fansels ek in boycott wêze. Lykwols: der steane al in pear stikjes út it nije nûmer online. In hiele nijsgjirrigen ien is de kollum fan André Bralts. Nee, noch gjin rapportsifers. Dy komme noch. Eangje net. […]

Literêre fytstocht 2010 (01)

Ja leave berntsjes, ik haw wer in eintsje te fytsen west. Kinne jim riede wêr’t ik west haw? Sjoch mar ris goed nei de foto’s… En it waard dan dochs wer in literêre fytstocht, want yn de supermerk fan Skearnegoutum trof ik de ferneamde skriuwster Marga Claus. Is’t net apart? No aansens allegear lekker sliepe […]