Cornelis van der Wal

Tag: Anne Wadman

  • The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics

    Ik lies niiskrekt de DWERS fan Pieter de Groot oer û.o. The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics: Fourth Edition. Der soe ek in stikje oer Fryske poëzij ynstean, skreaun troch Jelle Krol, en ja, dan wol ik daliks witte oft ik sels ek neamd wurd. Dat wolle wy allegearre, jou no mar ta. In…

  • Grimmig Fedde

    No minsken, ik haw se binnen! De twa grouwe Fryske skriuwersbio’s dy’t de ôfrûne moannen ferskynd binne. In Geheimsinnich Persoan, dy’t ek noch anonym bliuwe wol, hat se fannemiddei by my delbrocht. Ik sil der daliks yn begjinne, mar hokker boek earst? Dochs mar Wadman, want dêr wie ik al yn oan it lêzen, de…

  • De Nije Moanne: net yn ‘e Bus, al op it Net!

    Of is er by jo al op it kokosmatsje fallen? Hjir yn Snits noch net, alteast. Mar dat kin fansels ek in boycott wêze. Lykwols: der steane al in pear stikjes út it nije nûmer online. In hiele nijsgjirrigen ien is de kollum fan André Bralts. Nee, noch gjin rapportsifers. Dy komme noch. Eangje net.…

  • Ferneamde Friezen yn it Hollânsk beskreaun

    Ik haw der noch net ien oer heard, no, dan ik mar! Dy dissertaasjes fan resp. Joke Corporaal oer Anne Wadman en Johanneke Liemburg oer Fedde Schurer hawwe twa Frysktalige skriuwers as ûnderwerp. Ja, ik wit it, Wadman hat ek yn it Hollânsk skreaun, mar dat stelt net it measte foar, wat kwalitieit oanbelanget. De…

  • Besprek de Moanne, jiergong 9 nû. 2. Mei rapportsifers!

    Nee, op it net stiet noch altyd de net al te oanloklike foarside fan nû.1, mar nû. 2 is al in skoftke út. Hjirûnder folget myn ûnmeilydsume, mar dochs nei objektiviteit stribjende besprek. Mei rapportsifers. De foarkant: Jochem Hamstra is in bêste keardel, mar dy trui kriget in 6.4. Estafettekollum is neat oan, in 4.3.…