It wie in moaie jûn, mei treflik iten en drinken by de Vliegende Hollander yn Ljouwert. Josse de Haan hie syn literêre freonen útnoege nei oanlieding fan it ferskinen fan Reedride op glêd iis. Hjirûnder in stikmannich foto’s. Sawat alle Fryske skriuwers fan ymportânsje wiene der. Nee, jo net, mar wat seit dat oer jo? […]
Ja, ik hie ek in útnoeging krige foar de besichtiging fan it nije Fries Museum. No bin ik net sa’n grut kenner fan de byldzjende keunst, literatuer en muzyk komme earst. Ik fûn it net ûnaardich, it nije museum, mar haw ek neat ferrassends sjoen, wat de kolleksje oanbelanget. En dy treppen binne yndied al […]
Der is wer reboelje om Teake Oppewal cs. hinne. Earder al hat de man him op skandalige wize útlitten oer Gysbert-winner Josse de Haan. Ik begryp wier net dat de man noch yn funksje is. Ik haw myn poarsje ek wol krigen. Jierrenlange tsjinwurking, misledigingen ensafh. Mar by Tresoar fine se dat allegear hiel normaal. […]
Ik wie niiskrekt efkes by dit barren. Net ferkeard, al wie der al wat te min wyn ynkocht. Dêr stie tsjinoer dat der oaljekoeken serveard waarden, ik haw der twa hân. En trije glêzen reade wyn. Ik hie my oant no noch net sa’n soad yn it Snitser sosaaiety- en keunstlibben fan Snits fertoand, mar […]
Ik hie de nije edysje fan de Moanne al in pear dagen yn ‘e hûs foardat ik takaam oan it artikel fan Huub Mous, oer Leafdedea, fan Baron Sixma van Heemstra. It is in nijsgjirrich stik wurden, û.o. oer de ferskate ferzjes en edysjes fan dit boek. Josse de Haan hat krityk op ien fan […]
Ja, gau foardat der wer in nij nûmer is. En tink derom, frou Digi Beetstra: op de linken klikke hin, dit is ynternet witte jo wol. Jaap Louwes stiet mei syn troanje op de foarside. Net echt trochlibbe, dy kop. Hy moat wat mear drinke, of oan de oare drugs gean. Dat soe syn sloppe […]
¶
Posted 13 oktober 2010
† Knilles
§
Bloch
‡
°
Also tagged: Alex Riemersma, André Bralts, Ate Grypstra, Baukje Wytsma, Elske Kampen, Ernst Bruinsma, Frederick Manfred, Frédérique van der Palm, Geart van der Mear, Grytsje Schaaf, Hans Dilling, Jaap Louwes, Jannes van der Wal, Johannes Beers, Joop Atsma, Karen Bies, Margryt Poortstra, Sjoerd Bottema, stampot, Thys wadman, Tryntsje Nauta, Ulbe van Houten
Fannemiddei efkes nei Ljouwert ta west, nei de Centrale, in machtich moai kompleks fan allerhanne grutte winkels. Ik wie op syk nei triedleaze lûdsprekkers, mar dy hiene se by de Mediamarkt en BCC net. Doe besleat ik de saak oars oan te pakken, en in gatsje yn de muorre te boarjen en dêr in kabel […]
Hoi leave berntsjes! Meie jim noch efkes opbliuwe? Dan moatte jim heity of memmy mar efkes freegje oft jim de Moanne noch efkes lêze meie. Sis mar dat Omke Knilles it sein hat. Omke Knilles wie in bytsje lilk en mislik wurden om’t Elske, de boaze styfhekse, hiele stoute dingen skreaun hie oer Omke Durk. […]
Nee, op it net stiet noch altyd de net al te oanloklike foarside fan nû.1, mar nû. 2 is al in skoftke út. Hjirûnder folget myn ûnmeilydsume, mar dochs nei objektiviteit stribjende besprek. Mei rapportsifers. De foarkant: Jochem Hamstra is in bêste keardel, mar dy trui kriget in 6.4. Estafettekollum is neat oan, in 4.3. […]
¶
Posted 16 maart 2010
† admin
§
Bloch
‡
°
Also tagged: André Bralts, Anne Dykstra, Anne Wadman, Arjan Hut, Ate Grypstra, de Moanne, Eelco Venema, Eeltsje Hettinga, Ernst Bruinsma, Geart van der Mear, Grytsje Schaaf, Henk Bleeker, Inge Heslinga, Jochem Hamstra, Johan Jongsma, Josse de Haan, Karen Bies, Kening Kees, Laurens Bontes, Liuwe van der Meer, Sjoerd Bottema, Steven de Winter, Willem Schoorstra